'Brêge Blauforlaat feiliger'

20 nov 2007 - 10:45

De brêge Blauforlaat by Stiensgea moat in aparte fytsersstrook krije nei de werynrjochting. Dat wol de federaasje fan Pleatslik Belangen Achtkarspelen. Se ropt op ta in aksje op tongersdei op it gemeentehûs yn Bûtenpost.

De grutte dyk Bûtenpost-Surhústerfean wurdt ferbettere. Lânbouferkear moat tenei oer paralleldyk. Op de brêge Blauforlaat ride de fytsers ek oer dy paralleldyk. Dat is gefaarlik foar groepen skoalbern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)