'De Westerein net skuldich'

20 nov 2007 - 08:58

Fuotbalferiening De Westerein fielt him net skuldich oan de massale fjochtpartij snein by Velocitas yn Grins. Spilers en supporters fan beide klubs giene oan 'e ein fan 'e wedstriid meiïnoar op 'e fûst.

Ut de rekonstruksje docht neffens it bestjoer fan De Westerein bliken dat de fjochtpartij ûntstie nei in sliding fan in spiler fan De Westerein. Dy waard oanslutend oanfallen troch supporters fan Velocitas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)