Oxford ûndersiket skriuwplanke

19 nov 2007 - 23:02

In skriuwplankje fan sawat 2000 jier âld út de kolleksje fan it Fries Museum giet dizze wike foar wittenskiplik ûndersyk nei universiteit fan Oxford yn Ingelân.

Nij ûndersyk moat de Latynske tekst op it plankje ûntsiferje. It plankje is yn 1914 fûn op in terp by Frjentsjer en yn 1917 al ris ûndersocht. Doe die bliken dat de tekst gie oer keapjen fan in ko.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)