Ferljochtingproef giet troch

19 nov 2007 - 22:51

De ferjlochtingproef yn it bûtengebiet fan It Hearenfean giet gewoan troch. De proef rint no twa wike, mar der is noch hieltyd in soad kommoasje.

De bewenners fiele har net feilich no de diken amper mear ferljochte wurde. Guon minsken wolle har net dellizze by it beslút fan de ried en ferniele sels reflektorpealen. Nei oanlieding fan de reaksjes wurde der al inkele oanpassingen dien. Sa giet op in gefaarlik krúspunt it ljocht wer oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)