Hurde oanpak rûge riders

© Omrop Fryslân
Jonge bestjoerders dy't har misdrage op de dyk yn Noardeast-Fryslân wurde troch de plysje ekstra hurd oanpakt. Der komme geregeld klachten binnen by de plysje oer gefaarlik rydgedrach fan jongerein yn dizze regio.
Yn oerlis mei boargemaster Cazemier hat de plysje besletten ta ekstra maatregels. Sa binne it ôfrûne wykein flinke boetes útdield en is ien kear in rydbewiis ynnommen.