Spoeddebat oer Suderseespoar

19 nov 2007 - 15:05

Yn de Twadde Keamer moat in spoeddebat komme oer it net trochgean fan de Suderseeline. Dat fynt it CDA yn de Twadde Keamer. It debat moat ek gean oer de kompinsaasje fan 2 miljard euro dy't bean is troch minister Eurlings.

Freed hat it kabinet besletten dat der gjin nij spoar komt fan de rânestêd troch de polders nei Fryslân en Grinslân. Twadde-Keamerlid Ger Koopmans hat benammen fragen oer de foarstelde kompinsaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)