Rêdingsaksje Anne Frank-beam

De kastanje dêr't Anne Frank op útseach
In bedriuw út Nijeberkeap besjocht moandei oft it mooglik is de Anne Frank-beam yn Amsterdam te rêden mei stielen kabels. De Bomenstichting tinkt dat de beam mei de kabels fêstmakke wurde kin oan omlizzende bebouwing, sadat er net omwaaie kin.
De gemeente Amsterdam wol de beam nije wike woansdei kappe fanwege it omwaaigefaar. De Bomenstichting en omwenners binne tsjin de kap en wolle oantoane dat de beam stean bliuwe kin.