Wer jonge sjauffeur pakt

19 nov 2007 - 10:17

De plysje hat snein yn Dokkum op 'e nij in begjinnend bestjoerder op 'e bon slingere foar asosjaal rydgedrach. It giet om in 20-jierrige man út Noardburgum. Hy ried 70 dêr't 50 it maksimum wie en yn in 30-km-sône ried er 60 kilometer yn 'e oere. De man ried ek fuort mei piipjende bannen.

Earder dit wykein waarden ek al jonge autobestjoerders bekeurd. De plysje hâldt de begjinnende bestjoerders ekstra yn de gaten fanwege klachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)