Brânstifting yn Koudum

19 nov 2007 - 10:01

In jonge fan 15 jier út Koudum is sneintejûn oanholden foar brânstifting. Op it plein fan basisskoalle it Grovestinshôf wie in griene kontainer yn 'e brân set.

Omwenners hiene fjouwer jongeren by de brân sjoen. Sy ha de 15-jierrige oerdroegen oan de plysje. De oare fertochten wurde noch heard. De brânwacht hat it fjoer yn de kontainer blust.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)