Douwe de Vries wint krekt net

Bob de Vries bliuwt klassemintslieder (foto: Martin de Jong)
Douwe de Vries fan It Hearrenfean hat krekt net de fyfde wedstriid fan de Essent Cup yn Assen wûn. De Vries wie in soad yn de oanfal, mar gie yn de sprint te gau oan. Hy einige efter Kurt Wubben as twadde. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard tredde, Willem Hut fan Haulerwyk fyfde, Martijn Kromkamp fan Wolvegea wie sechsde.
Bob de Vries fan De Haule wûn de sprint efter de kopgroep fan acht man. Hy bliuwt earste yn it klassemint.