Lestige Grouster yn Balk

18 nov 2007 - 15:03

In 23-jierrige man út Grou hat him sneontenacht misdroegen yn Balk. Hy hie yn in hoarekabedriuw oan 'e Gaaikemastrjitte in famke lestichfallen en rûzje socht mei oare besikers.

Doe't de man derút stjoerd waard, joech er yn 'e hal in frou in triuw. Se foel dêrtroch mei de holle tsjin de muorre oan. De man is oppakt en ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)