Stekkerij op 'e Tunen Ljouwert

18 nov 2007 - 15:00

In Rotterdammer (26) is sneontenacht ferwûne rekke oan holle en earm nei't er stutsen wie troch in ûnbekende jongeman yn Ljouwert. Twa groepen stappers krigen spul oan 'e Tunen, nei alle gedachten om in stellen fyts.

De man út Rotterdam en in jonge út 'e oare groep foelen inoar op in stuit oan. Dêrby waard de Rotterdammer stutsen. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje is noch op syk nei de dieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)