Jonge fandalen yn Snits pakt
Trije Snitsers fan 15 en 16 jier binne sneontejûn oanhâlden foar fernielings. Se hiene op it Normandiaplein in reklameboerd fan in winkel stikken makke.
Doe't de plysje oankaam op it plein, fytsten de jonges hurd fuort. Mar de plysje koe se dochs ynhelje. De jonges binne oanhâlde. Se hawwe de fernielings bekend.