Boetes foar jongerein

© Omrop Fryslân
Ferskate jongeren hawwe dit wykein boetes krigen foar misdragings. Yn Snits krige in 22-jierrige man in bekeuring om't er tsjin in winkelrút oanskopte.
Op It Hearrenfean rûn in 24-jierrige man mei in putdeksel yn 'e hân. Hy besocht út te naaien, mar de plysje koe him op 'e bon slingerje. In 16-jierrich famke krige in boete yn Snits om't se in portier fan in kroech op 'e nekke sprongen wie by in rûzje.