GrienLinks wol jild foar OV

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan GrienLinks fynt dat it Noarden de 2 miljard euro dy't it krijt fan it Ryk besteegje moat oan ferbettering fan it iepenbier ferfier. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte moatte dêrfoar in OV-plan meitsje.
GrienLinks is benaud dat it kompensaasjejild foar it net trochgean fan it Suderseespoar benammen bestege wurdt oan de oanlis fan nije diken. Dit is min foar it miljeu.