Undersyk nei oerfal Ljouwerter

18 nov 2007 - 11:08

De plysje docht ûndersyk nei in oerfal op in 23-jierrige Ljouwerter. Sneon waard de man op de Wurdumerdyk oansprutsen troch trije manlju. Se fregen om de laptop dy't er by him hie. It slachtoffer skrok en is gau fuortrûn.

Neidat it slachtoffer de plysje belle hie, is yn de buert fan it plak fan de oerfal socht nei de manlju. Der is lykwols gjinien fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)