Harkemase Boys wint topper

17 nov 2007 - 16:52

Harkemase Boys spile sneon tsjin de nûmer 2 fan de ranglist Noordscheschut. De Harekiten wûnen mei 2-1. Yn in spannende wedstriid mei in soad ynset kaam Harkema op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Patrick Goedhart. Arend Schonewille makke de lykmakker.

Yn de twadde helte makke deselde Patrick Goedhart de winnende treffer. It is de 11e oerwinning foar Harkemase Boys fan dit seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)