Priis foar OM yn Ljouwert

17 nov 2007 - 15:32

It Arrondissemintsparket fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat in priis krige foar it bêst fersoarge jierferslach fan 2007. De priis is yn it libben roppen troch in stichting yn Amsterdam foar grafyske kultuer. It winnende, Fryske OM-jierferslach is makke troch BWH-Ûntwerpers yn Ljouwert.

Yn foargeande jierren gie de priis nei it Stedelijk Museum yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)