Drachtsters net bliid

17 nov 2007 - 12:45

Ynwenners fan Drachten binne teloarsteld yn it beslút fan minister Eurlings om defintyf in streek te heljen troch de Suderseeline. Hy makke dat freed bekend. Foar Drachten betsjut dit dat it doarp net oan in spoar komt te lizzen.

Iennige kâns op in treinferbining tusken Drachten en Grins is no it jild dat frijkomt foar projekten yn it Noarden. Mar ek dêr binne de Drachtsters net gerêst op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)