'Jild brûke foar universiteit'

Kramer: Net alles yn asfalt en beton
De twa miljard euro dy't it Noarden krijt as kompensaasje foar it net trochgean fan it Sudeseespoar moat ûnder oaren brûkt wurde foar de komst fan in Fryske universiteit. Dat seit fraksjefoarsitter Kramer fan de FNP.
De FNP hat altyd tsjin de komst fan in Suderseespoar west en is dus tefreden mei it regearingsbeslút. Mar de twa miljard foar projekten om de ekonomy te fersterkjen fynt Johannes Kramer te min en net neffens ôfspraak.