Filmhûs nei Frysk Museum

17 nov 2007 - 09:27

It Filmhûs yn Ljouwert komt definityf yn it nije Frysk Museum. Dat sei direkteur Van 't Veen fan it Fries Museum freed by in lêzing fan de Ottema Kingma Stifting. Yn it museum wie rekken hâlden mei romte foar ien filmseal. Dy wurdt troch it museum ûnder oare brûkt as auditorium.

Van 't Veen is der wiis mei dat it Filmhûs in plak krijt yn syn museum. It betsjut dat it gebou no jûns ek iepen wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)