Tsjûgen socht fan ûngefal A32

16 nov 2007 - 21:54

De plysje siket it tsjûgen fan it ûngefal op de A32 by Wurdum dêr't ôfrûne snein in 24-jierrige frou by omkommen is. It giet om it ûngefal dêr't de frou mei har auto by fan de dyk rekke is. De plysje tinkt dat se earst oer de kop slein is foardat se yn de berm bedarre is.

De frou is dêrnei op de sneldyk stean gien om alarm te slaan. Doe is se oanriden troch in automobiliste dy't har net mear ûntwike koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)