Suderseespoar fan de baan

Definityf gjin Suderseespoar
It Suderseespoar is definityf fan de baan. Dat hat it kabinet besletten. Minister-presidint Balkenende makke it beslút freed bekend. Der wurdt de kommende jierren wol twa miljard euro ynvestearre yn it Noarden. It giet dan om projekten om de ekonomy te fersterkjen, lykas it ferbetterjen fan de berikberens fan Ljouwert.
It kabinet kaam ta it beslút omdat de line net út kin. In ynvestearing fan 3 miljard euro soe dat net wurdich wêze.