Bliid mei frijspraak gesinsfâd

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan Buro Jeugdsoarch Fryslân binne bliid mei de frijspraak fan de gesinsfâd fan it famke Savanna. De rjochter fynt dat de frou net skuldich is oan swier lichaamlik letsel fan it famke.
It iepenbier ministearje easke in taakstaf fan 150 oeren. Der is ûnder Fryske jeugdsoarchmeiwurkers mei spanning útsjoen nei de útspraak. Direkteur Sprokkereef is bliid mei de útspraak dat de gesinsfâd dien hat.