Klimaatboskje foar De Kruidhof

16 nov 2007 - 13:35

Botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost krijt in klimaatboskje. It plantsjen fan it klimaatboskje is in inisjatyf fan It Fryske Gea en Landschapsbeheer Nederland.

Klimaatboskjes moatte it tefolle CO2 út de lucht helje, om't dat skealik is foar it miljeu. It klimaatboskje yn De Kruidhof bestiet út seis walnútbeammen. It wurdt nije wike plante.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)