Bekeuringen by fûljearaksje

16 nov 2007 - 11:02

By in fûljearaksje yn Ljouwert hat de plysje tongersdei tsien bekeuringen útskreaun. De minsken giene op de bon omdat se in mes by har hiene, wylst dat ferbean is.

Der binne tsien messen, trije skroevedraaiers, in skjirre en in oar skerp foarwerp yn beslach naam. Mei- inoar waarden goed twahûndert minsken kontrolearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)