Ynspraak promoasje Ljouwert

16 nov 2007 - 09:57

Ljouwerters meie meikoarten meiprate oer hoe't har stêd promoate wurde moat. De gemeente organisearret 21 novimber in politike jûn oer it ûnderwerp.

Op dy jûn sille fertsjintwurdigers fan organisaasjes as Expeditie Leeuwarden, Fryslân Marketing en de VVV út Deventer har miening jaan oer de promoasje fan Ljouwert. Dêrnei meie ek de ynwenners deroer meiprate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)