Waarmtekrêft Friese Poort

© Omrop Fryslân
Yn it gebou fan de Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert komt in lytse waarmtekrêftkoppelings- ynstallaasje. Sa'n ynstallaasje is ien fan de nijste ûntwikkelings op it gebiet fan duorsume enerzjy.
De Friese Poort krijt de ynstallaasje om monteurs te learen hoe't der mei omgien wurde moat. De Friese Poort is dêrmei de earste skoalle yn Nederlân dy't dat docht.