Rekorddrokte by gersdroegerij

15 nov 2007 - 20:34

De gersdroegerij fan De Pein hat it yn jierren net sa drok hân. Der is dit jier 16.000 ton gers droege, twatûzen ton mear as ferline jier. Troch de gruttere oanfier wiene de wachtlisten dit jier ek langer. Fan heal augustus ôf moast der sawat alle sneonen oerwurke wurde.

De Pein hat it ek drokker krigen omdat der noch mar twa gersdroegerijen yn Fryslân binne. Tongersdei wie de lêste produksjedei fan it seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)