Buspeal Idaerd wurket net

15 nov 2007 - 12:09

Ynwenners fan Idaerd meitsje noch mar amper gebrûk fan de bushalte by eigen doarp. Sûnt maart dit jier stiet der by de halte in peal dêr't de minsken op drukke moatte om de sjauffeur te warskôgjen dat der minsken by de halte stean. Mar yn 'e praktyk rydt de bus witte faak troch oer de A32 yn plak fan ôf te slaan.

De Idaerder skoalbern fertrouwe de peal net mear en fytse no nei Wurdum om dêr de bus te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)