Ferkearsaksjes Lemmerwei-East

© Omrop Fryslân
Yn de Snitser wyk Lemmerwei-East wurde nije wike ferskate ferkearsaksjes hâlden. Neffens de inisjatyfnimmers is it sa gefaarlik wurden yn de wyk dat der wat barre moat. Der giet in soad frachtferkear troch de wyk en ek wurdt der in soad yn de wyk parkeard troch minsken dy't der net hoege te wêzen.
Minsken fan de basisskoallen en it wykplatfoarm sille nije wike bonbons útdiele oan autoriders dy't it wol goed dogge.