Diel strân Skylge ôfsletten

© Omrop Fryslân
In part fan it Noardseestrân op Skylge is libbensgefaarlik terrein wurden nei de ûntploffing fan in swiere bom. De dûk- en demonteargroep fan 'e marine brocht tiisdei in bom út de Twadde Wrâldoarloch ta ûntploffing by Peal 28. Nei de eksploazje bleau der in gat fan tsien meter djip oer mei in diamter fan acht meter.
Omdat tichtsmite in toer is hat de gemeente besletten om it gat wer fansels tichtgean te litten.