Sûnenstest yn Stiens
Fjirtich ynwenners fan Ljouwerteradiel hawwe woansdei har sûnens teste litten. Dat dienen se by in konsultaasjeburo foar folwoeksenen yn Stiens. Der waard ûnder oare bloed prikt by de dielnimmers.
De test is in inisjatyf fan thússoarch Het Friese Land. Dy docht oer in healjier opnij Stiens oan. Ek yn oare gemeenten wurde sûnenstesten organisearre.