Oerlis operaasjes Harns

14 nov 2007 - 20:46

Húsartsen út noardwest-Fryslân hawwe woansdei har beswieren taljochte tsjin de slúting fan de operaasjeôfdieling fan it sikehûs yn Harns. Dat dienen se yn in oerlis mei de direksje fan it MCL. Dy direksje wol de ôfdieling slúte omdat it finansjeel net út kin.

De húsartsen wolle de ôfdieling iepen hâlde, omdat dy foarsjocht yn in ferlet. De direksje fan it MCL sil nei de arguminten fan de húsartsen sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)