Wachtlist maatskiplik wurk

© Omrop Fryslân
Der is opnij in wachtlist by it maatskiplik wurk yn Ljouwert. Dat seit it CDA nei berjochten fan HWL, de organisaasje dy't it maatskiplik wurk útfierd. Ein 2006 luts it CDA ek al oan de bel oer de wachtlisten en frege it kolleezje doe mei maatregels te kommen.
Koartlyn liet it kolleezje witte dat maatregels net mear nedich binne omdat de wachtlist oplost is. It CDA wol no dat der toch aksje ûndernaam wurdt.