Slimme steuring Frysk Deiblêd

I Frysk Deiblêd is woansdei in stik letter as oars
Yn ferbân mei in earnstige steuring oan de drukparse by it Frysk Deiblêd is it mar de fraach oft alle abonnees woansdei wol in krante krije. Mooglik moat in part fan 'e krante earne oars printe wurde.
It deiblêd stribbet der wol nei om de krante hjoed noch safolle mooglik by alle abonnees thús te besoargjen, mar de krante is dan wol in stik letter as oars.