Asbest fûn by Wurdum

14 nov 2007 - 10:17

By in dearinnend dykje tusken de sneldyk en it spoar by Wurdum is asbest fûn. De gemeente Ljouwert hat de berm ôfset mei linten.

Woansdei wurdt útsocht hoefolle asbest der leit en oft it ek yn de grûn sit. Dan wurdt ek besjoen oft der mear maatregels nedich binne. Nei ferwachting binne der gjin risiko's foar de sunens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)