Boek Korbach binnen wike fuort

It boek oer Korbach ferkeapet goed (foto Martin de Jong)
De earste 2.500 eksimplaren fan it boek 'Fritz Korbach onaangepast' binne allegearre al ferkocht. Dat meldt Tirion, de útjouwer fan it boek fan skriuwer Vincent Ronnes.
It boek oer de eardere fuotbaltrainer fan ûnder oare Cambuur en Hearrenfean is ferline wike útkaam. Der wurdt wurke oan in twadde printinge fan it boek oer Korbach.