Garnalefiskers fertsjinje goed

13 nov 2007 - 16:53

Fryske garnalefiskers krije foar it earst yn jierren mear as seis euro foar in kilo garnalen. In pear jier lyn koste in kilo twa euro. Op it stuit wurde der mar in bytsje garnalen fong en der is in soad fraach.

Omdat de krystdagen der oan komme is de kâns grut dat de priis noch fierder omheech giet. In rekôrd is it noch net. Der is yn it ferline wol 22 gûne betelle foar in kilo garnalen. Dat is tsien euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)