Jongeren yn debat oer alkohol

13 nov 2007 - 14:59

Jongeren debatteare woansdei yn it provinsjehûs oer har alkoholgebrûk. It debat wurdt organisearre troch de provinsje. Dy wol de jeugd byprate oer de gefolgen fan it brûken fan alkohol. Fierder wol de provinsje him ek adviseare litte troch de jongeren.

Njonken it debat is der ek in ynformaasjemerk, mei ynstânsjes lykas de plysje en de GGD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)