Arbiter teloarsteld yn KNVB

13 nov 2007 - 14:16

Skiedsrjochter Evert Kuik fielt him troch it fuotbalbûn KNVB yn 'e steek litten. Moandei tsjinne de beropsaak tsjin in spiler fan Stânfries út Appelskea. Dy soe tsjin Kuik it wurd 'kanker' brûkt hawwe.

Kuik makke dêr in saak fan en de spiler waard foar acht wedstriden skorst. Dy straf waard moandei werombrocht nei fjouwer wedstriden. Kuik tinkt der no oer om nei dit seizoen op te hâlden mei fluitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)