Lytse alken slachtoffer stoarm

13 nov 2007 - 13:58

De stoarm ein ferline wike hat foar tsientallen lytse alken tefolle west. De seefûgels koene net tsjin de hurde wyn opfleane en kamen rûnom yn it lân op de fêste wâl telâne. Guon minsken dy't de fûgels seagen, mienden dat it om lytse pinguins gie.

Fûgelopfangsintrum de Fûgelpits yn Moddergat fersoarget in tal alken. Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits hie rekkene op mear slachtoffers fan de stoarm, mar dat falt bot ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)