Trochstart foar HTO Wolvegea

© Omrop Fryslân
HTO Transport yn Wolvegea makket in trochstart. Moandeitejûn binne de kurator en de direksje fan it fallite bedriuw der útkaam. De âlde direksje sil it bedriuw sels oernimme. Dat betsjut dat ek de fjirtich wurknimmers gewoan oan it wurk bliuwe kinne. It transportbedriuw dat supermerken befoarriedet giet ek gewoan fierder ûnder de âlde namme.
Hoe't it no my de skulden komt fan it fallite bedriuw is net dúdlik.