Tredde winst jong Hearrenfean

Gonzalo Garcia-Garcia skoarde yn de lêste minút (foto Martin de Jong)
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de wedstriid tsjin jong Vitesse mei 2-0 wûn. Op sportpark Skoatterwâld wie de thúsploech yn de earste helte folle better. Yn de 17e minút kaam de ploech fan trainer Henk Herder troch Arnor Smárason op in 1-0 foarsprong.
Gonzalo Garcia-Garcia makke yn de lêste minút de 2-0. Jong Hearrenfean is no sânde mei 12 punten út 8 wedstriden. Lieder FC Twente hat 19 punten út 9 wedstriden.