Kreaze oerwinning jong Cambuur

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandei frij maklik wûn fan de beloften fan Go Ahead Eagles. Yn Ljouwert waard it 3-1. De ploech fan trainer Alfons Arts kaam al nei seis minuten op foarsprong troch in goal fan Jurrick Juliana. Tweintich minuten letter wie it Jurjen Bosch dy't Cambuur op 2-0 brocht.
Nei it skoft kaam Go Ahead Eagles noch wol op 2-1, mar sân minuten foar de ein koe Bosch syn twadde goal fan de jûn oantekenje.