Skylger drummers socht

© Omrop Fryslân
De muzykkorpsen op Skylge moatte mei faasje op syk nei nije drummers. Oer oardel wike komt Sinteklaas op it eilân oan, mar der is gjin drumband mear om de Sint binnen te heljen. De lêste fjouwer leden fan de eardere drumband hawwe twa wike lyn de band opdoekt.
Neffens de korpsen is in yntocht sûnder drummers eins net te dwaan en dus hawwe se in needoprop dien op it eilân.