Priis foar Snitser ûntwerp

12 nov 2007 - 16:03

De skipsûntwerpers fan it Snitser bedriuw Vripack ha yn Amearika de Superyacht Design Award wûn. Se krigen dizze ynternasjonale priis foar it 43 meter lange lúkse motorjacht Bystander. De jacht wurdt brûkt as byboat foar it wrâldferneamde syljacht de Velsheda.

It skip is dit jier yn Frankryk boud foar in Belgyske sakeman. Der is yn Snits sa'n trije jier oan it ûntwerp wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)