Stoarmskea dunen wurdt oanpakt

de stoarm hat hele stikken fan it dún fuortslein
Rykswettersteat begjint tiisdei op It Amelân mei it herstel fan de dunen dy't troch de stoarm foar in part fernield binne. Rykswettersteat tinkt wol in wike wurk te hawwen. It is noch net dúdlik wannear't op Flylân begûn wurdt mei it herstellen fan de dunen. Dat wurdt moandei neier besjoen.
De dunen op de beide Waadeilannen rûnen yn de nacht fan tongersdei op freed flinke skea op troch de stoarm.