Coaster nei Harns sleept
De coaster Jerome H. is moandeitemoarn op de Noardsee foar Flylân yn de problemen kaam. De motor foel út nei in kartereksploazje. Troch de hurde wyn drige it skip it strân op te skowen, mar der wie gau help by.
Sleepboat Hunter fan Skylge hat it skip op sleeptou en is ûnderweis nei Harns. De rêdingsmaatskippij wie der by om te helpen.