Soad sân op Flylân ferpleatst

© Omrop Fryslân
De kommende moannen wurdt op Flylân 140.000 kúb sân fan de Waadkant nei de Noardseekant fan it eilân brocht. It sân komt frij by it grutter meitsjen fan de jachthaven.
It sân wurdt mei in piiplieding fan de iene nei de oare kant brocht. Sa hoege der gjin frachtauto's troch in natuergebiet te riden. It sân wurdt by de dunen oan de Noardseekust opslein. It doel is om de dunen dêr letter mei te fersterkjen.